SC Hearrenfean siket yn Servië

16 jun 2009 - 23:23

Sportklup_Hearrenfean is yn Servië op syk nei in sintrale ferdediger. Neffens de Servyske krânte B92 hat Hearrenfean kontakt hân mei Igor_Djuric fan Vojvodina_Novi_Sad.

De 24-jierrige Djuric is in 1,92 meter lange mandekker en spile oant no ta fjouwer wedstriden foar it Servyske nasjonale team. Syn klup einige it ôfrûne seizoen as tredde yn de kompetysje. Hearrenfean wol it leafst foar de earste training op 22 juny noch in ferdediger kontraktearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)