Amelân grypt neist miljeupriis

© Omrop Fryslân
It Amelân hat tiisdei neist de titel foar de meast duorsume toeristyske bestimming fan Nederlân grepen. It rekreaasjegebied Park Gravenrode yn Súd-Limburg hat de Eden Award fan it ministearje fan Ekonomyske Saken wûn.
Dat hat de priis ynsteld om duorsum toerisme te promoatsjen. Ek Twente wie nominearre. Neist de titel wie der 25.000 euro te winnen. It Amelân besiket mei tal fan projekten enerzjy te besparjen en it miljeu minder te belêsten.