Kamera's op bedriuweterrein

16 jun 2009 - 14:10

Hast de helte fan de 60 bedriuwen op twa yndustryterreinen op It Hearrenfean ha lêst fan ynbrekkers of oare kriminaliteit. De skea leit tusken de 350 en 100.000 euro. Dat docht bliken út in enkête.

Der komme sân kamera's op it terrein, as in soad bedriuwen meibetelje. Dy bedriuwen binne noch net allegear oer de streek. Bedriuwen op It Hearrenfean wurde relatyf faak slachtoffer fan stellerij, om't de bedriuwen goed te berikken binne oer de A32 en de A7.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)