Dommerholt fuort by SC Cambuur

16 jun 2009 - 11:12

Wilco_Dommerholt nimt per 1 augustus ôfskie as finansjeel direkteur fan Sportklup Cambuur. Dommerholt hat dy funksje mar ien jier dien. It wurkjen yn de fuotbalwrâld hat him net goed foldien neffens direkteur Alex Pama. Dêrom is yn goed oerlis besletten om in ein te meitsjen oan it tsjinstferbân fan Dommerholt.

SC Cambuur giet no op syk nei in nije man, dy't Pama ek op meardere mêden as allinnich it finansjele bystean kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)