Offal Skier ûnder de grûn

16 jun 2009 - 10:18

Skiermûntseach hat as iennichste gemeente yn Nederlân oeral ûndergrûnse konteners. It strjitbyld wurdt kreazer en it ôffal hoecht minder faak ophelle te wurden. Der binne 40 stiks ferspraat oer it eilân.

Elkenien op it eilân hat in spesjale 'tag', dêr't se de jiskepûden mei yn 'e kontener smite kinne. Fral ûndernimmers ha krityk om't se faak mear smoargens ha. Minsken dy't har jiskepûde neist de kontener dumpe wurde opspoard en krije 60 euro boete.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)