Wetterbuffels yn Alde Feanen

16 jun 2009 - 08:32

Yn de Wyldlannen by Earnewâld rinne fan tiisdei ôf tolve wetterbuffels om. It Fryske Gea set se yn dit part fan de Alde Feanen yn as proef. It is de earste kear dat der wetterbuffels ynset wurde yn in Frysk natoergebiet.

De bisten komme op plakken dêr't it gers heech stiet. It Gea wol graach dat se it reidgers opfrette, want se kinne net alles bemeane. It giet foarearst om in proef. Takom jier wurdt besjoen oft der mear wetterbuffels omrinne kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)