Boeren mei trekker nei Brussel

15 jun 2009 - 22:30

In tsiental boeren út Fryslân giet nei Brussel. Se sille dêr tongersdei by it Europeesk Parlemint mei kollega-boeren út oare lannen aksjefiere foar in bettere molkpriis. Belange-organisaasje Dutch Dairymen Board hat boeren dy't dat wolle oproppen om har trekker mei nei Brussel te nimmen. Om't trekkers sûnder nûmerboerd net ride meie yn België, wurde dizze op djiplizzers nei Brussel ferfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)