Schuil giet troch oant 2012

15 jun 2009 - 17:21

Richard Schuil fan Ljouwert giet troch mei beachvolleybal oant en mei de Olympyske Spelen yn 2012. De 36 jierrige Schuil twivele noch, mar hy hat no definityf besletten troch te gean mei syn maat Reinder Nummerdor.

Nummerdor en Schuil hearre by de wrâldtop fan it beachvolleybal. De twa waarden earder Europeesk Kampioen. Op de Olympyske Spelen fan ferline jier waarden Schuil en Nummerdor útskeakele yn de kwartfinale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)