Tal sike ipen rint bot werom

15 jun 2009 - 15:28

Noch mar oardel prosint fan de ipen yn Fryslân is besmet. In pear jier lyn wie dat persintaazje noch boppe de tsien prosint. Sân saneamde ipejagers ynventarisearje dizze simmer hokker beammen siik binne en kapt wurde moatte.

Moandei krigen de manlju tekst en útlis. De Ipewacht waard yn 2005 oprjochte om de sykte, dy't ferspraat wurdt troch krobben, better te bestriden. Sawat tweintich gemeenten dogge der oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)