Jonges ferniele tillefoansel

© Omrop Fryslân
Twa jonges út Wolvegea ha yn de nacht fan snein op moandei de tillefoansel op de Haadstrjitte West yn harren wenplak fernield. Tsjûgen hearden glêsgerinkel en besochten de dieders oan te hâlden, mar dy wisten te ûntkommen.
De tsjûgen hiene ien fan beide jonges wol herkend, sadat de plysje de 16 jierrige Wolvegeaster thús oanhâlde koe. Hy fertelde dat er op in paad west hie mei syn 15-jierrige maat. Dy is dêrnei ek thús oanhâlden.