Sintrum foar skjinne lucht

© Omrop Fryslân
De trije noardelike provinsjes begjinne mei in mienskiplik ekspertizesintrum foar in sûne lucht yn skoallen. Fan de 800 skoallen yn Fryslân, Drinte en Grinslân foldocht tachtich persint net oan de easken. Se binne te waarm, te kâld, te gehoarich en der is min frisse lucht.
Yn it neijier sil it ekspertizesintrum úteinsette mei it ûndersykjen fan fyftich besteande skoalgebouwen.