Speeddate mei de biskop

15 jun 2009 - 09:41

Katoliken út Fryslân, Grinslân en Drinte kamen snein nei Dokkum foar in speeddate mei biskop De Korte. In speeddate is in koarte moeting om meielkoar yn de kunde te kommen. En de nije biskop fan Ljouwert en Grins kaam snein nei de Bonifatiusdei yn Dokkum om tsjerkegongers te treffen.

De jierlikse Bonefatiusdei begûn mei in pilgrimskuiertocht fan Aldwâld nei Dokkum en middeis wiene der in prosesje en in tsjerketsjinst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)