6000 besikers op Wâldrock

14 jun 2009 - 18:04

Der ha goed 6000 muzykleafhawwers west op Wâldrock yn Burgum. It metalfestival waard sneon foar de 22e kear holden en der spilen 19 bands. De organisaasje hie hope op sa'n 7500 besikers om út de kosten te kommen.

It festival is sneon sûnder ynsidenten ferrûn. Neffens de organisaasje wie de sfear goed. Nei de preparty op freedtejûn wie der wol in probleem mei in besiker dy't troch it lint gie. Hy sprong ûnder ynfloed fan drank en drugs in pear kear de feart yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)