Oplossing wetteroerlêst

© Omrop Fryslân
De boeren yn de Ychtener Feanpolder yn Lemsterlân binne meikoarten mooglik fan de problemen troch wetteroerlêst ôf. Op 23 juny nimt it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân in beslút oer in mooglike oplossing. Dy oplossing moat hast 4,5 ton kostje.
De boeren yn de polder ha al jierren te krijen mei min te bewurkjen grûn en fersûpte gewaaksen trochdat reinwetter net goed ôffierd wurdt. Somtiden stiet it wetter oan meanfjildhichte ta.