Jild foar opknappen pakhûs

14 jun 2009 - 17:14

De oerheid lûkt goed 900.000 euro út foar it opknappen fan it monumintale pakhûs fan de firma Hartelust yn Ljouwert. It gebou stiet al jierren op de nominaasje om opknapt te wurden, mar oant no ta slagge it net om dêr it jild foar byelkoar te krijen.

Dat Hartelust no wol subsydzje krijt komt troch de krisis. It is ien fan de projekten dy't al frij fluch útfierd wurde kin en sa kin de boubrânzje holpen wurde. Yn it gebou oan de râne fan it sintrum komme 28 apparteminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)