Fryske DJ oeral te hearren

DJ Kay Wilder
De Fryske DJ Kay Wilder is dizze dagen yn mear as fjirtjin lannen op de radio te hearren. Kay Wilder hat in gastoptreden fersoarge yn it Dance-radioprogramma 'Sunset to Sunrise Sessions', dat fia ynternet útstjoerd wurdt.
Yn lannen as Ruslân, Noarwegen, Amearika, Kosta Rika en Brazilië. Ofrûne tongersdeitejûn wie Wilder te beharkjen fia radiostasjon DeepFM. Oant en mei takom woansdei giet de útstjoering de hiele wrâld oer.