Auto's ôfbaarnd yn Deinum
Yn de Spoarstrjitte yn Deinum binne sneontenacht twa auto's ôfbaarnd. De plysje slút net út dat der sprake is fan brânstifting, omdat yn deselde strjitte ek ferskate auto's fernield binne.
De brânwacht koe de autobrannen gau útmeitsje, mar koe net foarkomme dat de auto's hielendal ôfbaarnden.