Winkeldief oppakt yn Ljouwert

14 jun 2009 - 14:27

In 35-jierrige man út Ljouwert is sneontemiddei oppakt foar stellerij út in winkel op de Nijstêd yn Ljouwert. De plysje koe de man oanhâlde nei oanwizings fan befeiligingsmeiwurkers fan de winkel.

De Ljouwerter hie al in winkelferbod foar dy omjouwing. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)