Man hat pûdsje speed by him

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op it Mûnein yn Drachten in 27-jierrige man út Frjentsjer oanholden. Surveillearjende plysjes seagen de man en wisten dat er noch in iepensteande straf fan fjirtjin dagen of 882 euro iepenstean hie.
De man koe de boete net betelje en waard oerbrocht nei it buro. Hjir die bliken dat er ek noch yn it besit wie fan in pûdsje speed. De speed is yn beslach naam en de man is foar fierder ûndersyk ynsletten.