Hannes Scherjon wint ljepperij

14 jun 2009 - 13:42

De fierljepperij sneontejûn yn Winsum is wûn troch Hannes Scherjon út Ljouwert mei in sprong fan 18,64 meter. Dat wie ien sintimeter fierder as de nûmer twa Oane Galama fan It Heidenskip.

By de froulju wie Anna Jet Leyenaar fan Snits de sterkste mei 14,95 meter. Jacob Scherjon wûn it by de junioaren A. By de jonges wie Albert Jan Venema fan Feanwâlden de bêste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)