Damen hat ferlet fan wurk

14 jun 2009 - 13:03

Trochdat de skipfeart hieltiid minder fracht te ferfieren krijt komme ek de skipswerven yn de problemen. De ôfrûne jierren hiene de measte werven genôch opdrachten, mar sûnt ein 2008 komt der gjin oarder mear binnen.

Neffens direkteur Nugteren fan skipswerf Damen Shipyards yn Burgum binne der noch gjin omsetproblemen, omdat de measte werven dit jier noch wol wurk ha. It bedriuw hat wol fet op de bonken, seit de direksje, mar der moatte wol gau nije opdrachten komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)