Wurk oan Skalsumerwei

14 jun 2009 - 12:35

Ferkear tusken Skalsum en Frjentsjer moat de kommende dagen omride. De Skalsumerwei krijt in nije asfaltlaach en is dêrom ôfsletten. It wurk soe al earder dien wurde, mar moast fanwege it mindere waar útsteld wurde.

Foar helptsjinsten en omwenners is in needfoarsjenning makke. It wurk begjint moandei en duorret oant en mei freed.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)