Glice BV giet ynternasjonaal

14 jun 2009 - 09:39

It liket der op dat de keunststofiisbanen fan Glice BV op It Hearrenfean aanst ek bûten Nederlân te finen binne. It bedriuw is in gearwurking oangien mei in leveransier fan keunststof gersfjilden. Dy sil de iisbanen oer de hiele wrâld promoate. Mocht dat goed útpakke dan ferwachtet Glice sa'n fiif personielsleden ekstra nedich te hawwen.

In earste resultaat hat de gearwurking al opsmiten. Glice is benadere om in testbaan yn Italië oan te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)