Trije ferwûnen by ûngelok

(Foto: nieuwsuitfriesland.nl)
By in ûngelok mei twa auto's op de Lauwersseewei by Eanjum binne sneon trije minsken ferwûne rekke. In man (67) en in frou (61) út Israël stiene mei har auto parkeard op de flechtstrook. De twadde auto botste dêr troch noch ûnbekende oarsaak op.
Troch de klap fleach de auto fan de Israeliërs fan de dyk en tsjin in beam. De man en de frou rekken licht ferwûne. De twa ynsittende fan de oare auto rekken beknypt en binne troch de brânwacht út de auto helle.