Motor fuort nei testrit

13 jun 2009 - 14:51

In motorrider (45) út Beetstersweach is freedtejûn yn Drachten syn motor kwytrekke neidat er 'm oan in ûnbekende man meijûn hie foar in testrit. Op de Noardkade joech er de Honda Vf 1100 Sabre mei oan in man mei in grien kolbert om 'm te besykjen.

De man kaam lykwols net mear werom mei de motor. De eigner hat oanjefte dien, de plysje docht ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)