Wâldrockfan springt yn feart

13 jun 2009 - 12:43

In man (19) út Leiden gie freedtenacht troch it lint op de preparty fan it Wâldrockfestival. Under ynfloed fan drank en drugs sprong er in pear kear de feart yn. Hy trape en skopte wyld om him hinne. De plysje hat him oanhâlden foar fersteuring fan de iepenbiere oarder.

Foar it oare ferrûn de preparty sûnder problemen, sa seit de organisaasje. Der wiene sa'n 2.500 muzykleafhawwers. Wâldrock is dêrmei oan it útgroeien oant in festival fan twa dagen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)