Fytser troch read: ûngelok

13 jun 2009 - 11:52

In 71-jierrige fytser is freedtemiddei op it Drachtsterplein yn Ljouwert oanriden neidat er troch read ljocht riden wie. De Ljouwerter stuts op de fyts it ferkearsplein oer, mar negearde it stoplocht. In 69-jierrige automobilist fan De Lemmer ried fan de Drachtsterbrêge rjochting yndustryterrein De Hemrik en koe de fytser net mear ûntwike.

It slachtoffer is mei in brutsen heup nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)