H'fean op 31 july tsjin Roda

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean iepenet op 31 july de nije fuotbalkompetysje yn eigen stadion mei in wedstryd tsjin Roda JC. Dat blykt út it konsept-programma dat de KNVB opsteld hat. De oare klups spylje har earste wedstryd op de sneon en snein dêrnei.
It programma foar it kommende seizoen wurdt nije wike definityf fêststeld. Der moat ûnder oare noch oerlein wurde mei de plysje. Op 25 july spilet Hearrenfean as bekerwinner al om de Johan Cruijffskaal tsjin AZ.