Iseger kening yn Hallum

12 jun 2009 - 20:53

Daniël Iseger fan Goutum is freed kening wurden fan de manljus haadklasse útnoegingspartij yn Hallum. Iseger wûn de earste priis mei Rutmer van der Meer en Jacob Klaas Haitsma.

Yn de finale wie dit trio folle sterker as Wilco Rinia, Herman Sprik en Johannes Boersma. De winst foar it trio Van der Meer kaam op 5-2 en 6-4. Daniël Iseger hie yn syn karriêre noch nea wûn yn Hallum. Foar Haitsma betsjutte de winst yn Hallum de earste krâns op it heechste nivo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)