14-jierrich famke fermist

12 jun 2009 - 20:23

De plysje is op syk nei de 14-jierrige Nathalie Kuiper. Op 4 juny gie se fanút in soarchynstelling yn Winschoten nei har skoalle yn Smilde. Dêr is se net oankaam. Sûnt 4 juny hat der gjin kontakt mear mei it famke west.

De plysje tinkt dat Nathalie fuortrûn is en dat se mooglik yn de omkriten fan Easterwâlde is. Nathalie is licht ferstanlik handikapt, 1,80 meter lang en hat lang donkerblond hier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)