Selstraf foar reboeljeskoppers

12 jun 2009 - 17:52

Trije Ljouwerters hawwe selstraffen krigen foar de reboelje nei de wedstriid Cambuur-Roda JC. Ien fan harren hat fjouwer moanne sel krigen, twa oaren moatte trije moanne sitte. De trije hawwe ek in stadionferbod foar twa jier krigen en in boete fan 250 euro. Fierder moatte se in skeafergoeding betelje.

De oare relskoppers hawwe wurkstraffen fan 80 oant 180 oeren krigen. Ek sy hawwe in stadionferbod en moatte de skea fergoedzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)