Yn Oerolstyl nei Harns

It Oerolfestival begûn dit jier eins al yn Ljouwert. Dêr waarden op it stasjon minsken 'op teatrale wize' op 'e trein set. De treinen nei Harns sieten fol.Tûzenen minsken pakten freed de boat yn Harms om nei it grutste kulturele festival yn Europa te gean. Sa goed as alle boaten sieten hielendal fol.
It tema fan Oerol is dit jier 'gers tusken de planken'. It griene aspekt waard dúdlik trochdat Oerolgongers op it festival sels stroom opwekke koene.