Ipewacht spoart sike ipen op

12 jun 2009 - 15:50

Ynspekteurs fan de Iepenwacht Fryslân sille fan kommende wike ôf wer op paad om sike ipen op te spoaren. Se moatte ynventarisearje hokker beammen siik binne en kapt wurde moatte. De ipewacht waard yn 2005 oprjochte om de ypsykte better te bestriden en de yp te behâlden foar Fryslân.

Oan de Iepenwacht dogge 21 gemeenten mei. Yn 2005 wie tsien prosint fan de ipen besmet mei de ypsykte. Ferline jier wie dat noch mar oardel prosint. Fryslân telt sa'n 65.000 ipen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)