4 Jier sel foar oplichter

12 jun 2009 - 14:58

In ynwenner (49) fan Drachten is freed troch de rjochtbank feroardiele ta fjouwer jier sel foar oplichting. Hy moat ek it jild fan de slachtoffers werombetelje.

De man hat ferskate minsken hûnderttûzenen euro's ôftroggele mei falske ferhalen. Hy sei dat er it jild ynvestearje soe yn Bulgarije, mar foar it grutste part hat er dat yn it kasino fergokt. In pear moanne lyn joech er himsels oan by de plysje, nei't er in skoft yn Tailân wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)