5 Gadingmakkers stedsperformer

Laurens van der Meulen is ien fan 'e fiif nominearre artysten...
Der binne fiif kandidaten oer foar de post fan stedsperformer yn Ljouwert. Der hiene har 31 minsken oanmeld as opfolger fan stedsdichter Derwent Christmas. De fiif kandidaten binne muzikant, fotograaf, keunstner, performer en multydissiplinêr byldzjend keunstner.
De fiif nominearre artysten binne Dalstar (Koos Dalstra), Lex Ensing, Alex Kooistra, Laurens van der Meulen en Martin Winters. Op 23 juny wurdt bekend wa't stedsperformer wurdt.