Wurkstraf en stadionferbod

12 jun 2009 - 14:01

Alle fertochten dy't freed terjochte stean foar it smiten mei stiennen nei ôfrin fan de wedstriid Cambuur-Roda, binne feroardield ta wurkstraffen. De hichte fan de straffen leit tusken de 80 en 180 oeren. Fierder krije alle fertochten in stadionferbod en moatte se opdraaie foar de skea dy't troch de rellen ûntstien is.

De gemeente Ljouwert hat in kleem dellein fan 15.000 euro, de plysje 4000 euro. Ferskate plysjeminsken rekken ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)