Takomst drafbaan Wolvegea faai

12 jun 2009 - 11:58

De drafsportorganisaasje NDR moat op de skeppe as se fierder wolle mei de drafbaan yn Wolvegea. Dat seit boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf. De organisaasje hat útstel fan betelling oanfrege om't der finansjele problemen binne.

As dat útrint op in fallisemint, kin dat de ein betsjutte fan de drafbaan. Neffens Van Klaveren soe de strukteur fan de NDR ienfâldiger moatte. Der binne ek gjin dúdlike ôfspraken oer hoe't it jild ferdield wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)