Rjochter: 180 oeren wurkstraf

Ljouwerter feroardield ta wurkstraf en stadionferbod
De rjochter hat in earste útspraak dien yn de saak Cambuur. In Ljouwerter (20) dy't belutsen wie by de rellen, is feroardiele ta 180 oeren wurkstraf en in stadionferbod fan twa jier.
By de rellen nei de wedstriid Cambuur tsjin Roda JC binne in soad plysjeminsken ferwûne rekke. Alve fertochten komme freed foar en wurde troch snelrjocht feroardield of frijsprutsen.