Gaslek yn Ljouwert

12 jun 2009 - 11:07

By heiwurksumheden oan de Archimedeswei yn Ljouwert is freed oan de ein fan de moarn in gaslek ûntstien. In boubedriuw is dêr dwaande mei de útwreiding fan it gebou fan de stienhouwerij fan Hutting. It gas dat frijkaam, is yn de brân flein, mar koe troch meiwurkers fan it boubedriuw en Hutting útmakke wurde.

De brânwacht en it gasbedriuw binne warskôge. Der liket no earst gjin gefaar te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)