PvdA hat noed oer Ryksjild

12 jun 2009 - 10:52

De PvdA yn Ljouwert hat soargen oer de gefolgen fan in rekkenflater yn de ûnderhannelings tusken de gemeenten en it Ryk. It Ryk jout de kommende tiid ekstra jild út om de ekonomyske krisis te bestriden. De gemeenten krije dan automatysk ek ekstra jild.

Om dat foar te kommen binne ôfspraken makke wêrby't, sa as it no liket, in flater makke is. De gemeenten krije gjin 20 miljoen euro, mar miskien wol 500 miljoen euro minder fan it Ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)