Plysje warskôget foar skimmen

Plysje warskôget foar skimmen
De Fryske plysje warskôget foar skimmen as minsken mei pinpas betelje. Om't banken hieltyd mear oan previnsje dogge, fernimt de plysje dat it skimmen him no ferpleatst nei plakken dêr't net folle tafersjoch is, lykas ûnbemande tankstasjons.
Skimmen is it kopiearjen fan gegevens op de bankpas op it momint dat der in betelling dien wurdt. Fraudeurs meitsje in kopy fan de pas en kinne mei de pinkoade jild opnimme en betelje.