SCO ferliest kuorbalfinale

SCO (yn it giel) ferliest kuorbalfinale
SCO fan Aldeholtpea hat tongersdei de noardlike kuorbalbekerfinale ferlern. Yn Snits wie Rodenburg út De Like te sterk, de Grinslanners wûnen mei 16-10. By rêst stie it 7-7, wylst SCO yn it begjin fan de twadde helte noch op foarsprong kaam. Uteinlik wie de winst fan Rodenburg fertsjinne.
In pear hûndert belangstellenden seagen hoe't haadklasser SCO de wedstryd ferlear fan Rodenburg, dat in klasse leger spilet.