Keamer achter Koops-oanpak

Twadde Keamer wol ek dat Koops net safolle jild krijt
De Twadde Keamer is it iens mei steatssiktaris Van Bijsterveld dy't jild werom ha wol fan âld-bestjoerder Koops fan it Friesland College. Dy krijt nei syn ôfskie as bestjoerder by de skoalle oant 2012 in miljoen euro foar advyswurk. De steatssiktaris fynt dat fierstente folle en besjocht no hoe't se in diel werom krije kin.
De SP stelde tongersdei foar om fêst te lizzen dat by nije gefallen op deselde manier hannele wurdt. Oer dat foarstel wurdt nije wike stimd.