Soad reek by lytse brân

Foto: www.nieuwsuitfriesland.nl
Der hat tongersdeitejûn brân west yn de portyk fan in flat oan de Invasiestrjitte yn Ljouwert. Troch de reek dy't dêrby frijkaam krigen twa bewenners problemen mei it sykheljen. Ien fan har koe op it plak sels behannele wurde, de oare is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.
De brân sels wie mar lyts, doe't de brânwacht oankaam wie it fjoer al út. De oarsaak is noch net bekend.