Súdlannen: tachtich yn 'e oere

11 jun 2009 - 21:47

Tachtich kilometer yn 'e oere ride yn in wenwyk. Gewoanwei komt dat net foar, mar yn de nije Ljouwerter wyk Súdlannen mei it wol. Dat komt omdat yn it bestimmingsplan fan de wyk noch stiet dat it om in bûtengebiet giet. Dy bestimming moat noch troch de gemeenterie wizige wurde.

De útsûnderlike sitewaasje kaam oan it ljocht doe't by wurk oan 'e dyk in boerd delset waard dêr't op stiet dat der tydlik maksimaal fyftich riden wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)