Kadobon foar te lang wachtsjen

11 jun 2009 - 21:21

Achtkarspelen hat yn in jier tiid 214 kear in kadobon útrikt oan ynwenners dy't net gau genôch holpen waarden. Yn de measte gefallen gie it om minsken dy't langer as fyftjin minuten by in loket wachtsje moasten. Yntusken is der by Boargersaken in ekstra loket iepene om wat oan de wachttiden te dwaan. By Bouwen en Wenjen kin tenei in ôfspraak makke wurde.

Achtkarspelen hie it ôfrûne jier 28.000 kear kontakt mei ynwenners, oan it loket, fia brieven of telefoan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)