Soad animo skriuwwedstryd

© Omrop Fryslân
Sânentweintich minsken meitsje kâns op it winnen fan de skriuwwedstryd fan it Je Maintiendrai Fonds. Dat hat skriuwers oproppen essays, ferhalen en gedichten yn te stjoeren oer de regionale identiteit. Hûndertnjoggen minsken joegen gehoar oan dy oprop. In sjuery hat dêr de sânentweintich nominaasjes útsocht. Under har binne ûnder oare Elske Schotanus, Wilco Berga en Janneke Spoelstra.
Op 23 juny wurdt yn alle trije kategoryen in winner bekend makke.