Timmermans iepenet Oerol

Oerol begjint freed
It Oerol-festival op Skylge wurdt freed iepene troch steatssiktaris Timmermans fan Europeeske Saken. Dy is frege fanwege it ynternasjonale karakter fan it festival. De iepening wurdt dien op in grutte tafel, dy't ûntworpen is troch Piet Hein Eek. De tafel sil ek yn de rest fan it festival in rol spylje.
Yn septimber ferhuzet de tafel nei New York, dêr't it Oerolfestival meiwurket oan de fiering fan de 400-jierrige relaasje tusken Amearika en Nederlân.