Oranje Fonds-jild nei Makkum

© Omrop Fryslân
It nije multyfunksjonele sintrum yn Makkum krijt 23.000 euro fan it Oranje Fonds. It jild is bedoeld foar de ynrjochting. It nije multyfunksjonele sintrum wurdt op dit stuit boud om de besteande sporthal hinne.
Yn it sintrum komt ûnder oare berne-opfang en sealromte. Mei de bydrage fan it Oranje Fonds is it jild foar de bou binnen. Der wurde noch wol sponsors socht foar in nij parkearterrein.