Needfûns rederij noch net fol

11 jun 2009 - 17:16

Rederij JR Shipping yn Harns hat 5,5 miljoen euro binnen fan 'e acht, nedich foar ekstra ynvestearrings om te oerlibjen. Troch de krisis yn 'e skipfeart kaam de rederij yn swier waar. Kontenerskippen moatte ûnder de kostpriis farre.

Om troch de swiere tiden te kommen is der in moanne lyn in needfûns oprjochte dêr't oandielhâlders jild yn stoarte kinne. De rederij sil de termyn ferlinge en belizzers no persoanlik freegje om jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)